top of page
IMG_6564.jpg

Aaltsje

Al fanôf dat ik in jong famke bin skriuw ik gedichten. 

Ik fyn it moai dat ik mysels op dizze wize útterje kin en mei. 

En yn myn memmetaal.

Dat makket it dat de wurden tichteby stean en rjocht út myn hert komme. 

De Fryske taal, fyn ik in rike taal.

It is myn taal. En dat is de taal wêryn ik fertelle wol. 

​

Wa bin ik? 

Ik wenje tegearre mei myn freon en twa jongens (soms plak ik se efter

it behang) yn Noardburgum. Neist it skriuwen fan gedichten,

fyn ik tonielspyljen moai wurk en as ik it yn myn bol ha mei ik graach even hurdrinne. 

Ik stean trije dagen oan skoalle. Basisûnderwiis. Prachtich moai wurk! 

Sûnt 2021 ha ik myn diploma foar skoallieder behelle. No dat is ek in fak apart.

Wat in útdaging yn de tiid fan no! Ek prachtich moai wurk ;-) 

​

Fierder rin ik tsjin de 40... Ik woe eins wol dat ik der echt tsjin rinne koe, mar de tiid

hâld gjin skoft! Dus ik nim de jieren mei tankberens yn ûntfangst. 

​

Ik hoopje datst even rûn sjochst op myn webside. 

En miskien in moaie tekst fynst dy't dy rekket of fierder helpt. 

​

Ast wolst kinst ek in berjochtsje foar my efter litte. 

Dat kin ik seker wurdearje.  

bottom of page