Op 'e teanen
- avriesinga
- 23 jun 2021
- 1 minuten om te lezen
Bijgewerkt op: 5 apr

Soms is it wetter krekt te heech
Ek as ik op myn teannen stean
Soms is it allegear wat te dreech
En is de druppel myn eigen trien
Tefolle beamen mar ik sjoch gjin bosk
Ik moat kieze welke ik rooie sil
As ik kin der troch hinnne rinne
Akseptearje de beamen sa’t se binne...
Ik wit wier net wat ik kieze sil
Ik moat oersicht ha,
oars kin ik net genietsje
fan it útsicht
ik meitsje paadsjes yn myn tiid
In moai ynsicht
Want ik hâld wis wol fan beamen
En trienen fyn ik net slim
Salang ik mar net fersûp
As op myn teannen rin
Romte yn myn holle
Binne de paden troch myn bosk
Swimme sûnder trienen
Gjin druppel mear tefolle
Ik sjoch myn bosk
Ik sjoch myn see
Op ‘e teannen
hie’k gjin útsicht
Op ‘e teannen
hie’k myn eagen ticht
コメント