top of page

IC


Wêrst dochs wat stadichwei rinst...

Alle sintúgen op skerp….

Omdatst nea seker bist

Is se echt sa sterk… ?



Ik kom mei pine búk by dy

En gean hjir mei twifel wer wei..


Ik wol graach wêze

Wêr myn leafsten lizze

Mar it fielt sa dreech

En wat moat ik tsjin har sizze…?



Ik wol wêze

Tichteby

Want ik hald sa ôfgryslik folle fan dy

It leafst wol ik dy net allinnich litte

En seker witte

Ik kom wer by dy



Mar ik moat echt gean

En sels ek rêste

Se sizze, dat is it bêste

Om oerein te bliuwe stean


O ik fyn it sa swier

Om dyn hân los te litten

Om even te ferjitten

Nee, ik bin noch net sa fier



Och leave suster

Soargest goed foar har?

Sprekst har wol even oan?

En ferjit net

Aai ek sêftsjes oer har hân



As ik wei gean fan de IC

Sjoch ik altyd even om

Want ik wit nea

Hoe’t ik wer by har kom.

Comments


bottom of page