top of page

See


Eigen foto

Ik tink oan de dei fan juster

Mei in ferhaal yn 't tsjuster

En de waarmte fan it fjoer

Joech ik my oan myn tinzen oer


Ik tink oan de dei fan hjoed

Mei de sinne op myn hûd

Petearen by de rûs

Dochs stie de stilte as in hûs


Ik tink oan de dei fan moarn

Sûnder see en sûnder sân

Ik mis it fêst

De lûden fan rêst


Ik toch oan no en tocht oan letter

Mei om my hinne strân en wetter

Der bestie eefkes gjin ja of nee

Want ik wie yn petear mei allinnich de see


Sa'n rêst momint wie lang lyn

en wat tocht ik oan in soad

Mar mei yn myn holle in frisse wyn

gong it my maklik ôf.


In plak wêr't ik ta rêst kom

Ik wol gau noch ris wêrom

Comments


bottom of page