Is tiid in klok?
Is tiid in oere?
Êfter it gles
Kinst even loere
Is tiid in minuut?
In blik? As in nacht?
Is tiid in dei?
In momint fan dy wei
In sekonde dat ik wacht?
Wurdt de tiid ferwacht?
Wat seit my dat oere
Net ien hat de tiid yn 'e macht
Nea bist do goedkeap
Altiid in djoere
In blik op 'e klok
Even spike
Even sjen
Hoe fier ik
Yn de tiid al bin
Ik draai de wizers werom
Mar it jout my neat
It sit yn ús ferankere
Is net goed as ferkeard
Hast har net genôch
As kinst op him wachtsje
Kinst fan har hâlde
As kinst him ferachtsje
Tiid yn in jier
Tichteby as hiel fier
Hast it net foar it gripen
Hast it net foar it sizzen
It glipt troch de fingers
Hast it nea op foarried lizzen
Tiid is in minske libben
As in tiidstip fan berte
Soms giet tiid net fan herte…
Soms duorret it te lang
Soms makket it ús bang
Kinst neat fange yn ‘e tiid
Kinst wol langje nei mear tiid
En soms is tiid
in wiere striid….
Foar de ien in feestje
Foar de oar fertriet
Ik wit net watst do my bringst
De tiid sil it my leare
Ik bin tankber datst der bist
Ik kin dy dochs net keare
Tiid wês myn freon!
Mar de tiid hâld gjin skoft
Wêr is de tiid dochs bleaun? …
Commentaires