En doe wie it safier
Sloech de klok
de dei om
En al wit ik seker,
do komst net werom
Dochs hie ik dizze dei
dy de hiele dei
ticht by my
De tiid fertelt my, twinget my
en lit my sjen
Dagen sûnder dy,
ik wit net, oft ik dat wol kin
00:00 oere
Neat op ‘e klok,
do bist der net mear
Sa leech en swart
in dei fan nea
Ik mis dy yn alles
Ik mis dyn alles
en safolle mear
De tiid slacht langstme dea …
En libben giet troch
mar docht oe sa sear
Ik wol sa graach mei dy
Stilstean
Myn grutste leafde
moast fan ús hinne gean
Ik wit seker,
yn dit bestean
Silst do foar altiid
yn myn oantinkens bliuwe bestean
Do sitst yn myn hert
Do rinst troch myn bloed
En gjin sekonde as oere
feroaret de leafde fan hjoed
dy’t ik fiel,
djip yn myn siel
foar alle dagen dy’t komme
en alle jieren dy’t ik sûnder dy libje sil
En ik sil libje
en fan dy hâlde tagelyk
Ek sûnder dy
makket leafde my ryk
Ik sil libje
en mei de tiid
haw ik de tiid wer oan myn side
En makket de opkommende sinne
my lokkich mei
In nije dei
Opmerkingen