In libben lang
sil ik der foar dy wêze
Wês net bang
ik sil foar dy soargje
Myn libben lang.
Mar leave mem
dyn libben lang
wie te koart
en ik bin wol bang
Ik wit my gjin ried
It ûntbrekt ús oan tiid
Acht moanne striid
Acht moanne siik
In tiid
fan spanningen en triennen
trochgean en net opjaan
en hoopje en eangst fan binnen.
Dan dagen lang
sa yn ‘e war
Alles achterút
Mar dochs,
de tiid snelt ús foarút...
Dyn dei is te lang
mar te koart foar my.
En sa is de dei
samar wer wei
Fan Ljocht yn tsjuster
de nacht wachtet
Mar by it opkommen fan de sinne
is dyn dei al foarby
en ha wy allinnich noch juster...
Nea mear mei dy krûpe
Nea mear yn dyn eagen sjen
en dêr dyn leafde foar ús lêze
Ik wol it net leauwe…
Ús leave mem
en grutske beppe
silst nea wer wêze
mar wol foar altiid bliuwe
Do hast ús leafde en libben brocht
It fielt as no en lang lyn
Wy gean it tsjuster yn
mar do bist yn ’t Ljocht.
Comentários