Eartiids
Doe’t ik fierde
In wrâld
Wêryn ik dy festhâld
In ierde
Troch ferbining
Yn balâns
Elke dei
Krigen wy in nije kâns
Ik spruts oer dy, sa sêft
Mei leafde foar dyn krêft
Dat wie in tiid
Noch net iens sa lang lyn…
As in loflied
Lân en wetter yn ferbining
Fan de grûn ûnder de fuotten
Oant heger dan de blauwe loft
In ierde sa puur en sa oprjocht
Wer’t wat ûntstean en kreëare is
Mei elkoar yn balâns is
Gjin waarmte sûnder kjeld
Wer rein is, mar ek sinne
Wer’t alles mei elkoar fersmelt
Om’t it sa heard
Neist de dea, wennet libben
In ierde nei myn hert
In wrâld fan wetter, ierde, lân en fjoer
Mei de moaiste natuer
O en ik seach
En ik woe ha
Ik gong
En ik sei ‘sa’
Myn ierde
Myn natuer
Myn lân
Myn fjoer
Myn wetter
Myn wrâld
En ik fierde
Útbundich
Myn ierde
En ‘myn’ en dyn
Waarden hieltyd minder ús
Al tochten we faak ‘fan ús’
Nea behannelen wy it as
ús
moaiste thús…
Wy fernielden ..dy
Wy fochten ..mei dy
Plakten pleisters ..op dy
En sochten
op ‘e nei
Suvere natuer…
…en fernielden, fochten, plakten pleisters….
eltse dei.
Och wy tochten, sa grut…
Dat giet net sa hurd
Ûneinich
dat kinst wol ha
Dat kin moai sa
En wy raazden
En wy putten
Bouwden de heechste bouwsels
En wy stutten
Alles
Mei wat’st do mar te bieden hiest
Wy wolle heger
Wy wolle mear
Do krigest it hieltyd dreger
En ik nim it der fan.
Ús imperium bouwt op it altiid grienere gers
Fan de bourman
It stopt fansels in kear
Masine geweld tsjinoer natuer
Ja dat komt ús djoer…
Do wolst graach wêze foar ivich
Mar ik jou dy in tiid
Do wolst ferbine en fiere
Mar ik soargje foar striid
En ik gryp dyn siel …
Want ik nim en ik ferniel
Mar sjoch ik dy no hjir
Sjoch ik dy oeral en altiid
Want ik bin út dy
Do joechst dyn hûs oan my
En sjoch ik dy no ‘echt’
Dan bist do it moaiste
Wat ik ea seach
In lust foar it each
En hear ik dy no echt
Hear ik dyn antwurd wat wy krije
Op alle fragen en winsken
Foar al ús minsken
Dy’t wenje ‘meie’
Soe it kinne?
Yn ferbining op de ierde
Allegear ûnder deselde sinne
Der wie in tiid
Noch net iens sa lang lyn
Balâns foar ivichheid…
コメント