Ik sjoch
en ik tink
Ik ken dy
Mar ik bin stil,
bliuw stil
Ek al praat sy
Want ik wol gjin flaters meitsje
Want dan,
sil se my miskien útlaitsje…
Do setst twa kopkes op ‘e tafel
En ik druk de kofje oan
Doch ik dat net elke moarn?
It rûkt fertrouwd
Mar ik wit net werom
it my in goed gefoel jout
En ik wit net wêr oan
it my docht tinken
Ik dwaal ôf yn myn tinzen
Fiel mysels de djipte yn sinken
Safolle gedachten, sûnder grinzen
It is soms sa leech
As júst fiersten te fol
Tiid giet dreech
Of ik wit net wêr’t de tiid bleaun is
Om’t ik in stikje mis...
Wat ik hielendal net wol
Sa griis yn ‘e holle
As in waas
In mist
Dy’t net fuort lûke wol
Do praatst tsjin my
En fregest nei dingen
Werom?
Safolle moat ik útlizze
Ik draai my leaver wei fan dy
Ik wol net sjen
Wat bekinde frjemde eagen my sizze:
Ik ha begrutsjen mei dy …
Ik ûntwyk dyn blik en wol kofje pakke
Mar ik ha myn kopke noch net iens oanrekke
As ik mar wer witst
wa’st do bist…
Do helpst my mei wurden
en dochst of ist net slim,
….makket neat…
Mar dat falt ferkeard
Begrypst do dan net
dat ik dit sels wol kin?
Fansels sjoch ik wol
it kopke sit noch fol
Stom mins
Werom giest net fuort
Sodemieterje dochs op
Dan kin ik wer
…
Fierder mei
….
Do fertelst oer eartiids
En ik herkin dyn ferhalen
Mysels yn dyn ferhalen
Ik krij in swier gefoel yn myn liif
Myn tinzen gean dwalen
Nee,
kin ik my dan sa raar fergisse
ast seist dat de jongens my thús sa misse ….
It oerfalt my
Ik moat gûle
Myn jongens
Myn leave jongens
Ik sjoch har oan
Har eagen gûle ek
Wat is der oan de hân?
Ik begryp it net
Ik bin yn ‘e war
Werom moat mem gûle?
Ik pak gau in bakje kofje foar har
Yn myn holle sjongt in ferske
En gean bylden oan my foarby
Ik dream
Faaks oer deselde dei
Doe’t ik wie wa’t ik bin
Wa’t ik echt bin
Sûnder ferlies
Sûnder de waas
Sûnder griis
Net leech en net fol
Presys mysels
Wa’t ik it leafst
Wêze wol
Ik sjoch om my hinne
Ik bin allinnich
Ik romje twa kopjes op
Ik kom der mar net op…
Ik fiel my ferlern
Myn eagen geane hinne en wer
Wa wie hjir ek mar wer?
…
Comments