Ik sjoch dy tinken
Ik sjoch dyn eagen
Net mear deselde
Se ferdrinke
Se sjogge net mear
wat se eartiids seachen
Fertrietlik
om't se witte
dat se it net mear witte
Bang
dat se my
aanst ek ferjitte
Ik fiel dyn hân
Te sêft
gjin krêft
Do dreamst in fier lân
Fuort sakket de moed
it sprankje hoop
om mei dy te praten hjoed
Dyn gesicht
sa dof, sûnder gloed
Sa wazich
glêzen eagen
Nee hjoed
ist net sa goed...
Miskien moarn
Miskien dan
In sprankje werkenning
De gloed fan eartiids
Want it fielt as stjerren
Myn hert giet langsum dea
Ik wit net mear wa'st bist
en do kenst my net mear
Myn thús sûnder beskutting
dyn hân dy't ik net mear fiel
in blik sûnder betsjutting
in krûp sûnder dyn siel
It fielt as stjerren
As bist al tusken de stjerren
Do dreamst in fier lân
It fielt as bist ferstoarn
Mar
miskien moarn....?
Comments