top of page

Respekt

Fertriet

Ferwachting

en ûnferwacht


Gelokkich…

net ik

Want sa jong

net ferwacht


Siik

Slim siik

Sa slim….

Mar sa lokkich

Mar gelokkich

Net ik


Jonge bern

leave man

jong gesin

Mem no misse moatte

Wat moast dan dwaan?

Sa min

gjin begjin

mar oan ‘e ein

En oanein

Fertriet

Net fuort te triuwen

net te beskriuwen


En sa tankber,

want net ik



Troch

dat moatte se

En fierder sjen

Mar fier

foarút

kinst net sjen

Te swier

en it fielt

te fier

Fuort



Dan leaver noch achterút

Blik efterom

Oantinkens lûke

Tinke

Winskje

kom werom …

De gedachte

oan har

sa flink

mar noch mar sa krekt

Echt sa krekt

lyn…


Kaamst mar werom

Want werom?

Dy?



En wat is it grut

It respekt foar har

Dizze frou

Wat sizze de minsken

Leave wurden

Oer dy



En wat bin ik tankber

datst do sa sterk wiedest

foar safolle

safolle

safolle

minsken


En sa tankber

foar myn eigen libben

Nei sa’n djip fertriet

sa’n grutte skrik


Gelokkich

Net ik

Comments


bottom of page