Foar as ik my alinnich fiel
En it even net sitten sjoch
As ik myn soarchen mei dy diel
Haw ik oan dyn skouder genôch
Do seist my ‘it komt wol goed'
Ik wurd rêstich fan binnen
It fertriet besakket wer foar hjoed
Do bringst my ta sinnen
Dyn skouders treaste
En litte my gûle
Do haldst my fêst
En bist de earste
En de lêste
Dy’t myn trienen stopje kin
My bedarje kin
Wer’t ik bewarje kin
Myn eangst en myn fragen
Dan kalmearret dyn stim
En is dyn skouder sa sterk
Dat hy drage kin
De swierste dagen
As trienen brâne
Komme se op dyn skouders telâne
Mar wit leave skat
Dat ek myn skouder foar dy
der altyd is ast even gûle wolst by my
Comments